Goed nijs út ûnferwachte hoeke

Myn bondel is útferkocht! Ik hie lêsten al efkes rekkene dat der net folle mear oer wêze koenen, mar ik hie net tocht dat it sa hurd gean soe. Ik ha hjir noch in pear lizzen en yn guon boekwinkels sille noch ien as twa stean, mar by de útjouwer binne se op. Ik lies it samar yn in mailtsje en net iens fan de útjouwer, dus de ferrassing wie grut. Fuort mar efkes fernommen nei in mooglike twadde printinge. Dat soe wol handich wêze, al wie it allinnich foar mysels. Dalik hat elkenien myn bondel, útsein ik.

Hjoed twa resinsjes skreaun, mei bloed swit en triennen, moat ik sizze. Je soenen sizze, no’t ik alle dagen skriuw, dat it skriuwen my makliker ôfgean soe, mar dat is krekt oarsom. Hjir ha ik alle frijheid om te skriuwen wat ik wol en hoech ik net te tinken om it oantal wurden. Dat makket dat ik wiidweidich wurd en dat ik myn sinnen oprek. Ik meitsje lange sinskonstruksjes, sis ris dingen twa kear en tink hielendal net nei oer hoe’t ik sa effisjint mooglik ynformaasje kwytkin. Heechút behein ik my ta trije à fjouwer alinea’s. No’t ik wer oan fjouwerhûndert wurden bûn bin, moat ik in folslein oare manier fan tinken oanhâlde. Der is gjin plak foar relativearing, dus der is ek gjin plak foar sterke útspraken, dy’t ik júst sa graach dwaan mei. Ik moat korrekt bliuwe, eat dat hjir ek net hoecht.

No oerdriuw ik in bytsje. It is hartstikke moai wurk, dat resinsearjen. Ik ha der wer in prachtboek by dat ik sowieso foarlêze wol oan myn soarte fan tantesizzer. Wapper hjit it en it is it aksjeboek foar bern. Sokke boeken meitsje my sels ek entûsjast om in berneboek te skriuwen. Dan wol ik sels ek de yllustraasjes meitsje. Faaks moat ik dat ris besykje, dat roljen, knippen en plakken. Ik tekenje altyd alles yn paint, wat net sa goed is foar myn mûsearm en wat my ek wat beheint yn de opsjes. Oan de oare kant makket dat ombargjen mei ferve wol in protte rotsoai en dan ha ik samar de hiele keamer follizzen mei papier. Je moatte al in hoop rêst yn de holle ha om der net in komplete griemboel fan te meitsjen. Dat is neat foar my. Ik moat nochal in trijelûk ôfmeitsje dat al hiel lang op my stiet te wachtsjen. Skilderje is by my krekt as it lêzen fan in boek fan tûzen siden, je komme der pas ta as der fierder neat te dwaan is. Dat kin yn myn gefal jierren duorje. Oan de oare kant, myn bondelfoarkant hie ik yn in healoerke klear.

cropped-jpg-1.jpg

Op alle oare dagen
kin ik as skepper
smite mei griene ferve
bergen begerzje
beammen beblêdzje
rivieren beälgje

Mar op de einichste dei
kin ik myn favorite kleur
allinnich heal feal
yn in hoekje
fan de loft kwyt

Leave a comment