As it kroas

En no komt der in fonkje.. eh.. ferhaaltsje!

De doar klapt iepen en ik rin nei bûten ta. De stoarmwyn slacht de doar hurder ticht as dat ik bedoeld hie, mar dêr kin ik my no net drok oer meitsje. Ik moat derút, út it hûs wei en de holle frij. Ik skop tsjin in ôfwaaide tûke oan dy’t in spronkje op de wyn makket as er delkomt. Op de grûn leit in grouwe bolstien, sokken dy’t mem altyd sparre. De rest fan de bolstiennen binne ophelle troch in keaper, heit hie se op Marktplaats setten. Ik pak de stien op en goai him in pear kear op. It is in moai lytske. Ik rjochtsje en smyt him snoeihurd tsjin de doar oan. Dan meitsje ik dat ik fuortkom achter de kastanjebeam. De doar giet iepen. ‘Wa is dêr? Wiesto dat Hedzer?’
Ik hâld de siken yn wylst ik fuotstappen tel. Dan hear ik in fûgel roppen. Kraka krakakaa! In swarte fûgel fljocht út de kastanjebeam wei yn de rjochting fan it hûs. Wat in grutte fûgel! Ik kin fierder allinnich mar riede wat der bart. Twa tellen letter hear ik in gil en dan de doar dy’t wer tichtslacht. Hiel efkes is it folslein stil, dan lûkt de wyn wer op. Ik rjochtsje de rêch tsjin de beam en doch de eagen ticht.

As ik opsjoch sit der in raven foar my op it gers. In raven! Dat skine hiele yntelliginte fûgels te wêzen. It is foar it earst dat ik sa’n fûgel fan sa tichtby besjoch. Hy is folslein swart en sjocht my fansiden oan. Dan draait er him om en fljocht er fuort, oer it hûs hinne. Hat de raven my no krekt holpen? ‘W-wachtsje ris, net fuortfleane!’ rop ik noch. Efkes bliuw ik sitten oant ik rêstich wurd. Wêr wie ik ek alwer sa lulk om? It wie in wurdenwikseling oer putsjes yn de hûs. Dat liket no ynienen sa ûnbelangryk. Dy raven, dêr wol ik mear oer witte. Ik pak myn mobyl en sykje op wikipedy nei ‘raven‘. Der wurde jierliks mar in pear sjoen yn hiel Nederlân, stiet der. It bin wis dat it in raven wie, hy liket sprekend op it plaatsje en it lûd wie hast itselde as fan in filmke op Youtube. Der stiet dat ravens in hiel ferskaat oan lûden meitsje kinne en sels minskegelûden imitearje kinne. It sykjen nei mear ynformaasje boeit my sa dat ik pas in healoere letter wer de hûs yn kom.

‘Wêr hast west?’ freget Amarins. ‘Gewoan, in b-blokje om.’ liigje ik. Wêrom liigje ik? De manier wêrom’t de raven my oanseach wie hast in blik fan ferstânshâlding. In net skreaune ôfspraak dat ik neat oer ús moeting sizze kin.
‘Der wie krekt in bonk op de doar, ik tocht datsto dat diest. In grutte swarte fûgel fleach rjocht op my ôf. Ik waard sa kjel!’
Ik swij. De raven hat dat foar my dien, ik bin der no wis fan. Ik soe de fûgel graach wer sjen wolle. Dat bringt my ynienen op in idee!
‘H-hee, sorry fan sakrekt.’
‘Is wol goed. Mar wat prate we ôf?’
‘Ik bring de jiskepûden wol f-fuort en doch it wurk yn de t-tún.’ sis ik.
‘Dat gong maklik. Meist wol faker in blokje om.’ antwurdet myn sus. ‘Dan meitsje ik it iten en doch ik de wask.’
‘Deal!’ Dat ha ik goed regele. No kin ik de raven opsykje sûnder dat it ien opfalt, en kin ik alle dagen wat iten foar him meibringe.

20160915_122006.jpg

 

Om ta de kearn te kommen
moat men it ferhaal
dat net dyn ferhaal is
omskriuwe en eigen meitsje
in oar syn ynspiraasje
as in glês wetter opslokke

Dit is net myn ferhaal
inkeld in bewurking
gaadlik oefenmateriaal
Dit is net in gehiel
inkeld in begjin
fan in ferwurking

In oar syn wurk
is gefaarlik rôversguod
mar is it noch stellen
as ik alle sinnen, alle nammen
alle oergongen feroarje
en allinnich de ynspiraasje hâld?

 

Leave a comment