De lêste fan de moanne

Putsjes dêr’t je stjinop sjogge, wurde hieltyd ferfelender as je se útstelle. Sa wie dat ek mei de belestingoanjefte. Wannear hat in mins dêr ea sin oan? Hielendal mei frije dagen, dan binne der safolle oare dingen. Utsein as je belestingadviseur binne, dan leveret it wurk op. Dy minsken fine it ek moai om alles út te sykjen, te skowen mei ynkomsten en besit op in manier sadat je it ûnderste út de kanne krije. It iennichste dêr’t ik my drok om meitsje is dat ik der fierder gjin gedonder mei krij. Ik koe it no net langer útstelle, oars is gedonder garandearre. Mei grutte tsjinsin alle papieren trochwrotten en netsjes alles oanfolle. It falt my ta hoe’n bytsje oft se fan my witte, ast betinkst hoefolle oft se witte kinne.

Yn de earste fase fan de middelbere skoalle hie ik al in hekel oan ekonomy en alles wat mei jild te krijen hat. Dat hat net in soad mei feardigens te krijen, mar mei in ynstelling. Formules fyn ik gjin probleem, algebra is moai en mjitkunde al hielendal, mar fan balânsen gean ik op tilt. Wiskunde die ik trije jier lang fiif dagen yn de wike mei in soad wille, mar ekonomy ha ik falle litten sadree’t it koe. As ik ekonomytoetsen hie, sloech ik folslein ticht en hearde ik de klok yn slow motion tikjen oant it lesoere foarby wie.

It foel ta. Binnen in oere hie ik de belestingoanjefte ynoarder, dêr’t ik earst trije moannen tsjinop sjoen ha. Mei dy ekonomytoetsen fan de middelbere skoalle foel it ek ta. Ek al hie ik twa fan de fiif fragen net makke troch it klokprobleem, it waard foar alle trije toetsen in 6. Uteinlik komt it wol goed, mar doe ha ik besletten dat ik mysels sa min mooglik yn situaasjes bring dat ik dingen dwaan moat dy’t ik leaver net doch. No hoech ik allinnich út en troch in faktuer te skriuwen en ien kear yn it jier alles op te somjen. Al fielt it as in toets, en sit de klok net altyd mei, it moat no ien kear efkes. Ik kin der wer in jier tsjinop sjen. Alle kearen tink ik: ik meitsje in dokumint dêr’t ik fuort alles yn set sadat it minder wurk is. Dat hie in goed idee west as it my net sa tsjinstie.

20170428_161119

De falbile is ferfongen
troch Thor syn hammer
dy’t de gong slacht
troch de earbuis
nei in doalhof as slakkehûs
in orkest fan drippen
dy’t my boppe de holle hingje
maatslaande metronoom
tikket hieltyd hurder
hieltyd grutter drumt
de rein op if tromflues

Poddestuollen

Op útstjoering mist bin ik begûn mei Masterchef Australia 2016. Dat wie myn favorite programma doe’t we noch kabel hienen, gelokkich is it fergees werom te sjen. Ik ha krekt in ôflevering sjoen dat ien in poddestoel folle mei cornflakes yn einefet. Sokke apartichheden betinke minsken allinnich ast se net in soad oare mooglikheden joust. De ‘mystery box’ is om dy reden myn favorite útdaging. De sjuery wie oer de kombinaasje goed te sprekken, dus ik tocht: dat besykje ik ek ris.

Der is eins mar ien ding dat ik leaver net yt en dat is sjampinjon, mar Jouke is der gek op. Dêrom meitsje ik út en troch wat mei poddestuollen. Frituerd mei in besleek fan kikkereartemoal mei fine sipel, knyflôk en komyn ha ik al in pear kear dien, mar folje en yn de ûne wol ik ek ris besykje. Der binne gelokkich best in soad manieren om se lekkerder te meitsjen as dat se gewoanwei binne. No ha ik moarn ek in lytse útdaging want ik ha gjin ein en Jouke hoecht gjin cornflakes. Ik tink oan spekjes, krûdebûter en nútsjes. Eins hie ik der ek wat peterseelje yn ha wold, mar dat ha de piken hjoed opiten. Yn plak dêrfan moat der mar in aai by. As it goed is ha we moarn wer twa.

Sa jout sa’n programma wer hiel wat ynspiraasje foar nije dingen. Sterker noch, ik wurd der hiel kompetityf fan. Doe’t by Masterchef Holland in jiergenoat meidie fan de middelbere skoalle, tocht ik: dan kin ik it ek. Ik ha my yn 2014 en 2015 opjûn, mar bin net útsocht. Faaks is dat ek mar better, je moatte net te faak op nasjonale tillefyzje komme wolle, en al hielendal net mei dingen dêr’t je net sa goed yn blike te wêzen.

20170429_132310

Oeral kin in sânbak komme
om de berntsjes yn te dumpen
oeral kin in sânbak komme
om skatten yn op te graven
oeral kin in sânbak komme
om liken yn fuort te stopjen
oeral kin in sânbak komme
wêrom eins net hjir?

Spulûntwerp

It fielde as in snein wylst it wykein noch begjinne moat. We ha op jierdeibesite west by myn suske, in dei nei har jierdei. Eartiids seiden we altyd dat minsken foar har de flagge út ha. Se hie leuke koekjemonstercupcakes makke. Us kado wie spitigernôch net op tiid besoarge, dat komt moarn pas fanwege problemen mei de postboades.

Oer fjirtjin dagen sille we wer op de kat passe. Se is krekt súksesfol sterilisearre en is in stik rêstiger as earder. Wy sille net allinnich de kat meinimme nei hûs mar ek Mario Maker. De lêste tiid sjogge we filmkes fan CarlSagan42, in promovendus yn de mikrobiology dy’t yn syn frije tiid in hiele goede Mariospiler is. Oan de ein fertelt er faak oer ûndersyk dat er yn it laboratorium útfiert en beantwurdet er fragen fan abonnees, wat my ek wer op de hichte hâldt fan de biomedyske ûntjouwings.

Ik bin net fan doel om it spultsje spyljen, mar wol sels levels meitsje. It idee dat je in puzzel en in platformer yn ien meitsje kinne op in skerm dat elkenien in minút letter al spylje kin, is ien fan de bêste ideeën fan Nintendo. Trochdat elkenien levels meitsje kin, komme der altyd nijen by en bliuwt it spul nijsgjirrich. Mei safolle boumaterialen binne der ûneinich kombinaasjes mooglik. Guon minsken meitsje echt moaie, goed trochtochte ûntwerpen dy’t my ynspirearje om sels wat te meitsjen. Ik sjoch der no al nei út om op de kat te passen!

20170428_163736.jpg

Nei sesamstrjitte begjint
foar nachtdravers de marathon
in bergop ploegjen stadiger
middennacht de top berikt
mei in rotgong de einsprint
lûke en fjilden foarbysjitte
lantearns besykje
yn te heljen
hieltyd wer ferlieze
fan de skaden oer it paad

Filmmakker

Foar de oranzjisten is de feestdei slagge, mar foar ús wie it ek in moaie frije dei. It waar foel ta neffens wat der foarspeld wie. Wy ha net langer as nedich yn it winkelsintrum west, dêr’t in reggaebandsje spile en in snústerige rommelmerk opsetten wie. Op himsels wol aardich, mar thús wie it nofliker. Sterker noch, moarns lei der in kadootsje op ús te wachtsjen: ús earste aai! In prachtige S, sa’t se dy yn de winkel ferkeapje. Dy doch ik ús heit kado, úteinlik hat dy de piken mei mooglik makke.

Fierder ha se keunstjes leard, dêr’t ik ek wat fan leard ha. Sokke akrobatyk moast ik fansels fêstlizze. Ik ha sawier myn alderearste filmke bewurke, sa’t jim hjirûnder sjen kinne. Dêr leit dúdlik gjin takomst foar my yn. It meast spektakulêre diel stiet spitigernôch net op film, mar it lit him wol riede wat der barde nei’t ik ophold mei filmjen. Oant twa kear ta besochten de piken nei ús ta te springen troch ferskillende finsters en ûntdekten fia de hurde wei wat glês is.

Jûns noch efkes de doar út west om boerdspultsjes te dwaan. We dienen in spul dat krekt in pear wiken út is: Honshu. Mei kaarten moatst foar dysels in boerd meitsje dat safolle mooglik punten opleveret troch de kaarten oerlaapjend del te lizzen. Krijst punten foar bosk, de grutste stêd, wetter en it omsetten fan grûnstoffen oan de ein fan it spul. Der sit in aardich strategysk elemint yn dat de kaarten allegear in skoare ha. Alle beurten leist ien kaart iepen del. Dejinge mei de heechste skoare mei as earst kieze hokker fan de iepen kaarten dy ha wol. Kinst dus in oar syn kaart ek pakke en brûke foar dyn boerd as dy better is as dyn eigen. Nei trije beurten wikselest fan hân troch de oerbleaune kaarten troch te jaan.

Sokke bouspultsjes mei ik wol oer. It die in bytsje oan Carcassonne tinken mei it oanlizzen fan tegels, mar no boust net mei mekoar oan itselde lân. Sadwaande hast folle mear yn de hân hoe’t de kaart derút komt te sjen. Winne is ien ding, mar estetyk is ek belangryk. Wy sille it grif faker spylje.

 

‘Poetry in motion’
gjin gedicht komt ticht
genôch by wat
hjir ûntlutsen wurdt
oan it sicht

Paintplaatsjes

Dat plaatsje fan earjuster wie ien fan de sketsen foar in berneferhaal dêr’t ik ris oan begûn bin oer it omgean mei oare kultueren. De haadpersoan is dy Japanske nachtegeal dy’t nei Europa ôfreizget om yn it westen in bestean op te bouwen. Dêr komt er allegear frjemde fûgels tsjin. It ferhaal ha ik noait ôfmakke, ik wie mear dwaande mei de tekeningen. Op it lêst ha ik dat ek lizze litten, diels fanwege de tiid dy’t it meitsjen fan sa’n tekening kostet, en diels om’t ik lêst krige fan in mûsearm. Ik rûn doe ek wat fêst op it plot. Faaks moat ik it wer oppakke en ôfskriuwe.

Jim hienen fêst tocht dat ik dy mûsearm fan it gamen hie, mar dat sit efkes oars. Yn Paint tekenje ha ik jierren dien. Sûnt wy thús in kompjûter hienen, ha ik digitaal tekeningen makke. Ik ha it programma ûntdekt doe’t ik by in skoalfreondintsje te boartsjen wie yn groep 4 of 5. Doe’t elkenien al oan Photoshop begûn, bewurke ik alles noch koppich yn Paint. De update mei mear fariaasje yn kwasten joech noch mear mooglikheden. Doe kamen ek de fûgeltsjes yn byld. It wienen de earste fûgels dy’t ik tekene sûnder dat se op V’s liken.

Foar it digitale tiidperk tekene ik hynders. Alle sneinen as we by beppe op besite wienen tekene ik ien of meardere hynders. Dy tekeningen ha ik bewarre. Ik ha steapels losse papierkes en tekenblokken fol mei hynders ûnder yn in ferhûsdoaze sitten. Nei alle gedachten de lêste doaze dy’t ik útpakke sil. Der steane noch fjouwer, dus it koartet yn. Faaks moarn dochs mar nei de rommelmerk? Ik tocht it net!

Poro Bloodmoon design competition.png

En dan komme de meunsters
de grubbels en de muppels
de frubbels en de wurpels
de teskers en de bjilders
de porsels en de kjilpers
as de bloedmoanne rizet
komme se ferklaaid
yn bloedreade kleden
snien út oerbliuwsels
fan hynstetekkens
mei fersiersels om de eagen
de noas en yn de tonge
pierse mei de skriuwkant
fan farske gealfearren
de neilen oppoetst mei

wolst dat echt witte?

nagellak

wat hiest dan ferwachte?

Wekkerskodde

Sa, wykein! It is wat nuver om minsken oan de ein fan de wurkdei op tiisdei in goed wykein te winskjen. Dochs wienen der mear dêr’t dat foar opgong. Sa noflik, it foarútsjoch om fiif dagen frij te hawwen sûnder frij te nimmen. Net foar neat blog ik hjoed betiid, want ik bin hielendal kapotstikken. Dalik mei in boek op bêd en dan kom ik der net earder as moarntemiddei wer út.

De hiatsu hat hjoed wat wekkerskodde dat earder noflik as in opkrôle mol te sliepen lei op it linkerskouder. Op it rjochterskouder is de platfisk ek wekker wurden. Minder feninich, mar likegoed oanwêzich. Dat hat my net tsjinholden om goede produksje te draaien hjoed. Ik ha sels wat putsjes foar kollega’s oppakke kind dêr’t sy net oan takomme. Dat sil ik wat faker dwaan. Efkes in stikje oersette, wat meitinke, organisearje, oan in publikaasje wurkje, dat binne wolkomme ôfwikselings dy’t helpe om de bôge wer te spannen.

Wurk is sa spannend as je it sels meitsje, bin ik achterkommen. No moat ik foarkomme dat ik alles nei my ta lûk. It gefaar leit op de loer dat ik dalik yn alle mooglike kommisjes sit dy’t der op it wurk besteane, of nij oprjochte wurde. Dat is ek wer net de bedoeling. Doseare kinne je leare, sizze se. Oant no ta hat it noch gjin ynfloed op myn reguliere wurk. Salang’t dat net it gefal is, en ik it wurk net mei nei hûs ta nim, is er neat te rêden. Yn de kommende dagen kin ik der ris goed oer neitinke.

HPIM4181-1.JPG

Bûten kin mear
as de muorren beheine
slute is in wurd foar rûmtes
dêr’t de lêste letter ûnder de iepen loft
fan fuortwaait, sweevjend yn eigen foarm
nei fiere kimen dêr’t it inkeltal einleas leit
azemje de rûmte
ferjit it meartal
in sykjen, in fierte, in frijheid
dy’t fielt as thúskommen
sûnder in doar dy’t yn it slot falt

 

In nij haadstik

Nei in goed petear yn it middeisskoft bin ik oertsjûge. Der komt gjin bydruk fan myn debút. It is folle better om foarút te sjen as om te besykjen de flaters fan it ferline te herstellen. Dêr komt in soad útsikerij by sjen, tiid dy’t ik folle better foar nij wurk brûke kin. It is ek net sa dat it der signifikant better op wurde sil, it giet om in amper merkber resultaat. In bydruk soe ik boppedat net foar mysels dwaan, mar foar dejingen dy’t noch in bondel ha wold hienen. Foar dy minsken is it spitich, mar as de kommende bondel better wurdt dan is dat sa slim net. De bêste gedichten fan de earste kin ik sels wol meinimme foar de twadde, dan is it hielendal moai meinommen.

Eins soenen je sizze kinne dat ik myn debút oerdoch. We ferjitte dy earste en oer ien of twa jier fier ik mei jim de komst fan myn twadde earsteling. Dat idee laket my wol oan. Op papier kinne je mar ien kear debuteare, mar foar it gefoel binne der wol mooglikheden.

Jûn hienen we de lêste gearsit foar it FeRstival. By lêste kearen wurdt it altyd letter as dat je foarsjogge. Eins is it no al fierste let sjoen it feit dat ik moarn wer om healwei sânen út de fearren moat. Dy iene dei moat ik it mar úthâlde om de rest fan de wike út te rêsten. Ik siet der noch oan te tinken om mei te dwaan oan de rommelmerk. We ha noch in grutte barokke spegel en in lytse tillefyzje dy’t gigantysk yn it paad steane. Tongersdei sil it lykwols hiel kâld wurde, mei kâns op wiete snie. Yn stee fan te ferklomjen op de merk kin ik better wat ekstra strie struie yn it pikehok en lekker binnen mei myn cosplay oan de gong. Dat wurdt ek wer ris tiid. No mar gau op bêd, oars hoecht it net mear.

Japanse nachtegaal

Ald geduld komt
út de hoeken fan mappen
oanfleanen streekje
foar streekje
de digitale kwaste strike
mar mear noch
gomje, skrasse
krasse, feie, oerlûke, skave
oerenlang foar úteinlik
in takomstplaatsje
foar in nij haadstik
neat mear oan dwaan

Stan en Jelle falle bûten de boat

De útslach fan de ferhalewedstryd is bekend. Ik tocht wol kâns te meitsjen om’t it sa’n obskuer tema is dat der fêst net in soad minsken meidwaan soenen. De minsken dêr’t ik wol fan tocht dat dy meidwaan soenen, ha neat ynstjoerd, mar úteinlik wienen der 51 ynstjoerings. Dat is in hiel soad foar Fryske begrippen. Foar de Rely waard ferline jier minder ynstjoerd, en dêr falt in behoarlik jildbedrach mei te winnen. Oer de Rely sprutsen, dat moat mar wer ris wêze. En dan moatte jim net wer allegear meidwaan, oars win ik noait ris wat. 😉

Foar dizze ferhalewedstryd hie ik Stan en Jelle en de keunstroof skreaun. Ik hie it jim al earder lêze litte wold, mar dan soe myn ynstjoering net mear anonym wêze. Op dit ferhaal wie ik wol in bytsje grutsk, mar no’t it troch de sjuery net útkeazen is, begjin ik te twifeljen oft it wol goed genôch is foar in ferhalebondel. Blykber is it net safolle wurdich. Of, dat kin ek noch, de oare ferhalen binne supergoed. Dat soe moai wêze, sawol foar my as foar it koarte ferhaal as sjênre. It makket my benijd nei de winnende ferhalen. Faaks sjoch ik efkes by de priisútrikking. Dy is úteinlik yn Dr8888.

Wy wienen hjoed ek noch efkes yn Dr8888 op besite. Dy fjouwer achten binne in bytsje oerdreaun. Mei twa hie it ek dúdlik west. It past wol goed by de alluere dy’t Drachten hat om mear te lykjen as dat it is. It is tafallich dat wy der altyd op de dei komme dat der absolút neat te beleven is. ‘Drachten wil je meemaken’, stiet op de boerden ast deryn komst, mar eins moatte se sneins lykas by in ferfallen bushalte in grutte plestik pûde oer dat boerd hinne lûke. No sa, ik breidzje der in ein oan, ik moat noch in gedicht en in besprek ôfskriuwe foar’t ik op bêd sil.

20170423_164447.jpg

Op syn iepenst steane
de stoareagen nei de muorre
foar’t in minuskuul michje
luchtstreken op it flues lûkt
de bal út de kas weakket
triljend it stjoer omgoait
mei it teeglês gelyk
net bestân tsjin natuerwetten
dy’t dy oansprekke
mei in needlanding op grûnsyl

 

Domestikaasje

Twa spultsjesjûnen yn ien wykein is in weelde dy’t ik mar amper oankin. Dêrtroch bliuwe ferplichte saken lizzen, wat eins net kin. Moarn moat ik oan de bak mei it skriuwen. Dat is net sa maklik as it liket. Ik sit al in skoftsje yn in hiel dik boek dat my belet om oare dingen te dwaan. Eins is dat in goed teken, dat je de rêst fine kinne om foar de aardichheid in boek te lêzen. Oan de oare kant jout it ek wer druk om’t de list mei dingen dy’t noch moatte my as it swurd fan Damokles boppe de holle hinget. Moarn ha we ek in beppedei, dus we moatte wat kreatyf omgean mei tiid. It besprek wurdt dêrom in âlderwetskenien mei pinne en papier.

Likegoed ha we hjoed wer in mylpeal berikt. De piken ha foar it earst bûten it hok west. Stapke foar stapke ha se foarsichtich de tún ferkend, út de hân iten en úteinlik sels op skoat sitten. Noch twa wiken en ik ha se safier dat se troch hoepeltsjes fleane, mar leaver ha ik dat se gewoan aaien lizze. No binne se noch wat fan de lêch, mar sa’t it der útsjocht sille se al gau har aai kwyt kinne. Okee, no hâld ik deroer op. It is strontferfelend as minsken hieltyd oer de hûsdieren of de bern prate. Krekt as is der neat oars mear.

No wit ik wol hoe’t sokke minsken har fiele. Der is op dat stuit yndie neat belangrikers. Dy bisten freegje alle oandacht, en alles wat se dogge is moai. Ik tink dat komt omdat it de kritike fase is. Der kin fan alles gebeure. Se kinne fan in deadlike plant ite, de katten fan de buorlju kinne se pakke, se kinne fuortrinne, der kin in rôffûgel delstrike dy’t se by de strôt pakt, of in oare fûgel dy’t tafallich noch fûgelpest hat en it oerbringt. Hoefolle spookferhalen ha ik der wol net oer heard. As se nei in wike noch libje dan sil it wol wat better wurde.

20170422_110036.jpg

As it kopke befriest
hâldt it tinken op
earst it rinnen lit
de rêderkes draaie
om twa tikken flugger
de nekslach te meitsjen
hoeden ynkepings ôftaaste
gongen ynslaan
it is dat stoarjend each
dêr’t alle tiid yn skûlet

No noch nestelje

De kommende feestdei is pas tongersdei. Sa lang koe ik net wachtsje. Wy binne sûnt hjoed de grutske eigners fan twa piken. De pikeboer yn Tolbert pakte se sa by de poaten en soe se yn in tichte doaze sûnder gatten stopje foar ferfier. Hy wie my fierste wyld mei de beestjes. It die my in bytsje tinken oan hoe’t se fongen wurde by Storteboom yn Kornhorn foar’t se slachte wurde. Ik hie it kattedraachbakje mei dêr’t se noflik mei har beiden yn koenen. Se wienen der stil fan.

Yn it hok mei de oaren hienen se aardich lûdruchtich west, mar no binne se o sa ferlegen. Foarsichtich ferkenne se it hok, mar it grutste part fan de tiid is der gjin sprake fan ferkenning. Nei in oere fan oandachtich neat dwaan ha ik yngrepen en se op de boppeferdjipping delsetten. No sitte se alwer in healoere yn de nestkast neat te dwaan. It nije hûs moat grif noch efkes wenne. Sa’t it liket kinne se it wol mei mekoar fine, mar faaks misse se de rest.

As piken al sokke gedachten ha. De iene liket dúdlik tûker as de oare. Dy hie binnen fiif minuten it foer fûn en koe ek al gau it wetter út it drinkpintsje krije. Wy ha lang om let nammen betocht: Torika en Kukola, mar we steane iepen foar bettere suggestjes. It moat in tûke en in domme namme wêze, en se moatte in bytsje by mekoar passe. Kom mar op mei de ideeën!

20170421_135441.jpg