Yn de rêst

De maitiid is hast foarby. Der wie in reinige dei foar nedich om my wer ta it skriuwen te bringen, en dy binne wat seldsumer wurden. Yntiid binne in soad projekten ôfrûne. De MFU-eksamens lizze klear, de lesplannen by Wurdsnack binne dienmakke en de Simke Kloostermanpriis is útrikt. En dan wie der noch de Jan Ritskes Poëzijnacht, in waarme smûke jûn ûnder de beammen mei kollegadichters dy’t in soad nij wurk hearre lieten. Der wie in soarte fan dichtercosplayer by en it rûn tsjin de ein wat op in jamsesje út. Net de standertdichtersjûn dus.

Ik kin it no wol lykje litte as ha ik fan alles by d’ ein, mar yn feite sit ik al twa wiken thús. Net fanwege sykte – of je moatte it as in soarte fan sykte sjen, mar om’t ik ferlof ha. Dat fielt noch in bytsje ûnfertsjinne. Ik bin dan wol swier, mar it fielt noch net sa swier. Wol bin ik my al moannen oan it tarieden. Foar’t je yn ferwachting binne, ha je gjin idee dat der in hiele wrâld bestiet oan kennis en kommersje om poppen hinne. Ik kaam yn de kunde mei nammen as Rapley en Dunstan, bewegingen as natuerlik grutbringe, BZC, en allegear jargon en trends dêr’t je jin fan ôffreegje kinne oft it allegear relevant en goed foar it bern is.

It ûnderwerp feminisme komt no faker op it aljemint. As it om bern giet, wurdt faak allinnich de frou oanskreaun, en binne de measte skriuwers fan artikelen ek froulik. Wy ha ús okkerdeis ôffrege wêrom’t der eins net soks bestiet as ‘maskulisme’, om’t yn de wrâld fan poppen de heiten in ûndergeskikte rol krije. Tink allinnich al oan ferlofdagen, mar de dominânsje fan froulju giet op ynternet hiel fier. Froulju fjochtsje folle hurder foar gelike rjochten yn ‘manljusdomeinen’ as manlju opkomme foar harren posysje yn ‘frouljusdomeinen’, is myn ûnderfining. It meast praktyske boek dat ik lykwols lêzen ha, is skreaun troch twa manlju. In bernedokter en in heit, twa broers, dy’t it boek Hoe werkt mijn baby? skreaun ha. It lêst as in hantlieding fan in stereoynstallaasje, hiel bot op de ynhâld en mei humor, sûnder reklame foar laktaasjekundigen, oare promoasje of emosjonele erfaringsferhalen. Yn it UMCG binne se gelokkich ek hiel bot op de ynhâld en jouwe se deeglike fergeze foarlichtingsjûnen, dêr’t likefolle froulju as manlju harren foar oanmelde. Lykwols liet in frustrearre heit út Amsterdam ús yn in artikel yn de NRC witte dat it net yn hiel Nederlân sa giet. Hie hy yn Grins foarlichting hân, en op de hichte west fan goede lektuer, dan hie er sels gjin boek skriuwe hoegd. Hy seach in gat yn de merk, wylst wy in rânestêdlik probleem liezen. 

In oar ûnderwerp dêr’t wy wol wat mei ompiele is duorsumens. It is frij populêr op it stuit, wy binne wat dat oangiet net hiel oars as oaren. It kiezen foar in bern hat by ús altyd ferbûn west oan miljeubelesting. Wy ha fan tefoaren sein dat we in bytsje kompinsearje wolle foar de útstjit fan it bern. Dat hoecht net yn it oerdreaune, mar binnen it praktyske kinne je in soad keuzes meitsje, bygelyks yn iten (minder fleis), klean (biokatoen, fairtrade), boartersguod (net fan plestik, twaddehâns), ûnderhâld (waskbere ruften). In bettere tsjettel en sinnepanielen binne ek plannen. Net iens altyd binne duorsume alternativen djoerder, hielendal net op lange termyn. It is in aardichheid om je deryn te ferdjipjen, mar ik wol ek net trochslaan. Op Youtube sjoch ik in soad ‘tiny house’ projekten. Ik bedoel mar, de stap nei drastysker maatregels leit op de loer.

No’t ik mear tiid ha foar de krante, lês ik ek hieltyd mear stikken fan drammers dy’t oare minsken harren manier fan libjen oplizze wolle. Sa wie der fan ‘t wykein in frou dy’t har opwûn oer de ytgewoantes fan har famyljeleden. Har 90-jierrige heit soe neffens har gjin koekjes ite moatte. Se hie har mem ek al ferlern en woe har heit net ek kwytreitsje. Dat binne egoïstyske gedachten dêr’t je in oar net mei lestichfalle moatte, hielendal net in man op leeftyd dy’t noch genietsje kin fan wat lekkers. Hawar, mei safolle tiid om hannen, binne je wat bewuster dwaande mei sokke maatskiplike diskusjes. Salang’t ik dat fan mysels troch ha, kin ik it measte hooplik binnen it reedlike hâlde. Want it klisjee is wier dat swiere froulju in hiel soad oer bernesaken neitinke. Foardatst it witst, bist like slim as in one issue politike partij.

20180316_113725.jpg

Wiste

in boartersguodkiste

fynt it gjin probleem

ast de boaiem sichtber litste

al is it wat ekstreem

njonken in feministe

 

Advertisements

One thought on “Yn de rêst

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s