Blog

De lêste kear

Juster foar de kuier drige de bliksem noch in pear kear. By de Fryske Akademy dêr’t wy oan it opsetten wienen, koest de brân rûke dy’t rjochting De Centrale útbrutsen wie. In paraplu waaide stikken op wei nei de start. It koe net oars as in teken wêze dat it in bysûndere jûn wurde soe. Alle eveneminten yn Ljouwert wienen ôfsein. Dochs stienen der krekt foar sânen 22 dappere kuierders by de start. We ha noch wat midnightwalkers opheind dy’t dochs graach in kuier meitsje woenen.

Geandewei gong de wyn hieltyd mear lizzen. Der wie ûnderweis noch in lyts buitsje, mar elk wie goed taret. It hie ek wol wat ferbinends. De rest fan de kuier ha we it prachtich hân, en de spilers hawwe allegear fantastysk spile. Wy hienen in stoarmplan foar as it misgean soe, mar dat ha we gelokkich net útfiere hoegd. Alle stops ha we neffens it boekje spile. Jûn rinne we foar it lêst. Om’t it ek in bytsje in feestje is, stiet der in ekstra grutte taart yn de ûne. Ik ha der wer sin oan!

 

Advertisements

Stoarm (sûnder ruter) op komst

Nim de stoarmparaplu mar mei! Of feiliger is faaks in ponsjo, want der stie ek in lyts bliksemke by it waarberjocht fan jûn. Mar wy jouwe dêr neat om, de kuier sil trochgean. Wa’t dochs leaver moarn mei wol yn stee fan hjoed, kin gewoan efkes kontakt opnimme mei wuttelhaven@gmail.com, der is noch plak. Dan wurdt it sa’t it no liket krekt in bytsje better.

Jûn is in spesjale jûn. Om meardere redenen. Yn it foarste plak fynt hjoed ek de midnightwalk plak. Dy begjint in oere letter as wy op wakker deselde startlokaasje. Hâld der rekken mei yn ferbân mei parkearen, want op alle fjouwer startpunten wurde 2000 minsken ferwachte. Wy hawwe in hiel skoft lyn al kontakt hân mei de organisaasje sadat we inoar net yn it paad rinne. Sy sille ús net iens opmerke, mar it moaiste soe wêze as dat oarsom ek sa is. Wy diele Ljouwert yn alle gefallen op dizze stoarmeftige jûn.

Edit: Midnightwalk giet jûn net troch fanwegen it waar. Wy geane wol troch en starte sa gau as elkenien der is. Mooglik dus in kertier earder. Dan binne we hooplik foar de bui binnen.

Yn it twadde plak is de jûn oars as oars om’t we mei in lichtlik oare besetting binne. Yn plak fan Pier Tilma sil Peter Sijbenga jûn Opa Bylsma spylje. Persoanlik fyn ik it prachtich om twa Opa’s te hawwen, beide hawwe se in folslein eigen styl. Wy hawwe der wer sin oan, en der stiet al wat lekkers foar jim yn de ûne. Alteast, Eeltsje is der goed oer te sprekken.

De Wuttelhaven del.png

 

Ien jûn útferkocht

We ha de premjêre wer achter ús lizzen. Presys in wike derfoar ferstoar Steven H.P. de Jong. Dêrmei waard ús spontane lytse projekt ynienen hiel beladen. Nettsjinsteande de lading en de rein ha we in moaie kuier hân, mei in pear ferrassingen, partisipaasjeteater en dochs ek humor. Alle enerzjy dy’t deryn stoppe is, komt der dan út. Kuierders koenen it wurdearje en we krigen in soad positive reaksjes. De dei derop stie der in ferslach yn de Ljouwerter krante. No al is it projekt slagge, en dan meie we noch trije kear.

Sûnt dy tiid giet it hurd mei de oanmeldings. Yntiid sit 15 septimber fol. It is net mear mooglik om foar dy dei noch te reservearjen. Foar 21 en 22 septimber kin it noch wol, al rint 21 septimber ek fluch fol. It docht bliken dat reservearingen noch wolris mis geane. Tink derom by de oanmelding dat alle fakjes, benammen it e-mailadres, goed ynfolle binne. Oars krije jo gjin befestiging. Mocht it écht net slagje, mail dan efkes nei wuttelhaven@gmail.com mei de datum en it oantal minsken.

No fansels hoopje op moai waar sneon. It liket net sa gek, mar dat docht it op ûndersteande foto ek net. Neat sa feroarlik as it waar. Hawar, ik ha der sin oan!

DSC05721-4

Foto: Hindrik Sijens

 

 

 

Yn de hûd fan

Ik bin de lêste tiid mysels net. Dat freget om wat ynlibbingsfermogen. Ik bin Bauk. Alteast, dat besykje ik. Bauk is de frou fan Eeltsje yn De Wuttelhaven del. Ik besykje my safolle mooglik te ferpleatsen yn hoe’t sy as persoan is. Wat binne har hobby’s, hoe is har relaasje mei Eeltsje? Wat binne har idealen en hoe is se derta kaam om lid te wurden fan D66? Soksoarte dingen.

De jierren tachtich hawwe grif ek har wjerslach op de outfits fan Bauk en Eeltsje, hiele gewoane minsken. Wat hawwe hiele gewoane minsken oan op dit toaniel? Bauk is in frou fan de praktyk, net sasear fan de estetyk. It boek jout genôch oanwizingen, mar it is krekt sa aardich om út Bauk sels wei te tinken: wat sil ik hjoed ris oan dwaan?

Hjoed bin ik oan it bakken. Bauk mei graach bakke, it boek beskriuwt wiidweidich de itensiederskeunsten fan Bauk, en hoe’t har baksels har ferhâlde ta wat se by freonen te iten krije. Eeltsje is der wol posityf oer, hielendal as Bauk har itensieden ferbetteret:

‘Thús is Bauk tsjintwurdich mei hiel oare itensaktiviteiten dwaande as alear. Se krijt fan Betsy en Deef resepten mei, û.o. om hiele lekkere jam te meitsjen, mar ek kin se hearlik fleis briede, goulash meitsje en nasi en gâns oare saken, dy’t ik allang net mear byhâlde kin. Us hiele keuken is feroare. By de iene muorre lâns is in hiele planke kaam, dy’t fol stiet mei potsjes mei krûden.’ (s. 253-254)

It wurdt apelgebak. Mar it is gjin 1984, it is 2018, en de tiidgeast freget om in oare manier fan tinken oer apelgebak. Bauk makket dêrom hjoed veganistyske sûkerfrije apelcakejes op ferskillende wizen. We sille sjen hoe’t dat útbakt..

20180801_113618.jpg

Toanielskriuwe

De masterclass fan Bouke Oldenhof koe net op in better momint komme. Wy hawwe krekt foar alle rollen yn ús literêre kuier De Wuttelhaven del spilers fine kind. De hiele simmer stiet folplend mei repetysjes. Us spontane projekt krijt hieltyd mear stal, en no’t it tichterby komt, begjint it wol wat te kribeljen. Wy bliuwe fansels amateurs, mar it kin gjin kwea om jin in bytsje te ferdjipjen yn de teaterkeunst. No’t it Skriuwersboun de lêste wiken it teaterskriuwen oppakt hat, bin ik dan ek lid wurden. Sa siet ik justerjûn oan in stamtafel fol skriuwers yn café De Rolbrêge yn Tynje.

Gelokkich koe ik konstatearje dat we net alles ferkeard dien ha. Dochs meitsje dy rjochtlinen en foarskriften fan hoe’t in skript derútsjen moat, jin wol in bytsje ûnwis oer je eigen wurk. Moatte alle monologen fuortskreaun wurde? Komme tsjinstellingen goed út de ferve? Hawwe bepaalde karakters in yntroduksje nedich, en hoe sette je dat spannend del? Dat binne fragen dêr’t ik neitiid mei achterbleaun bin. It skript leit der al in skoft, mar sa’n skript is lykas in boek noait perfekt.

Oare dielnimmers hienen ek fragen oer ús stik, hiel subtyl en algemien ferpakt: ‘Wat fynst derfan as in skriuwer ek regisseur is, en ek sels noch meispilet yn it stik?’ Wy dogge wat nuvers en minsken freegje harren ôf oft it wol kin. Troch sa’n jûn kinne je allinnich mar leare, en ik wie tige ynspirearre troch de ferskillende skriuwoefeninkjes dêr’t ik dalik fuort mei oan de gong sil. Nei in skoftsje krige ik njonken my de fraach: ‘Tinkst no net: wêr bin ik oan begûn?’

Ik ha in soad opstutsen. Bygelyks dit: It ferskil tusken proazaskriuwe en poëzijskriuwe sit him benammen yn tiid fersus yntensiteit. Proaza is mear as film en poëzij is mear as toaniel. In falkûle is om yn abstraksje te ferfallen. Je moatte konstant de spanning opsykje tusken minsken, ideeën en karakters. In ferskil is faak ek dat by in boek de ein hiel bepalend is, wylst yn in toanielstik krekt it begjin de toan set foar it hiele stik.

Doe’t ik tsjin de ein fan de jûn ynhâldlik oer ien fan ús sênes oan de ein fertelde, sei ien: ‘No’t we dat witte, hoege we der ek net mear hinne.’ Dat is faaks in bytsje in proazagedachte. It sil gekskearend bedoeld wêze, mar ik merk dochs in achterdochtige hâlding yn selskip fan skriuwers en dichters. We sille sjen oft we echt wat geks dogge. As it wurket, ha we in geweldich moai projekt. As it net wurket, ha we altyd noch in geweldich moaie simmer mei mekoar. Wa’t yn septimber meirint, nijsgjirrich is nei fuortgong, de achtergrûn fan personaazjes en it lêste nijs folgje wol, kin har by de Facebookgroep oanslute. Kaarten keapje kin ek noch hieltyd.

20180622_150901.jpg

Ast benijd bist wat we hjir mei dwaan kinne
dan moatst mar gewoan sels meirinne

Stille ferkeap

Sa stadichoan kinne jim better de krante lêze om te witten wat der mei my te rêden is. Yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd is der op it momint fan alles te dwaan mei taal. Der wienen in pear moaie dichtersgelegenheden om oer te bloggen, lykas StAnza yn Skotlân en de Obe Postmamiddei. Gelokkich binne der oaren dy’t ferslachjes skreaun ha, al moatte je altyd foarsichtich wêze mei sjoernalisten. It binne bytiden krekt fiksjeskriuwers.

Je kinne ek it wurk sels derop neilêze, of op 14 april om 15:00 oere by it Taletúnfestival delkomme foar in oersetworkshop om foar de erfaring te gean as de Skotten hjir op besite binne. It is ek noch fergees en kinst sa binnenrinne. In wat passivere middei is 22 april yn De Bres foar de relaxte literatuerbelibbers. Dêr doch ik ek wer mei, lykas in pear leuke artysten. Mear as wat dan ek, freegje jim jim fansels ôf: kinne we al hast De Wuttelhaven del?

We ha de iepening fan de kaartferkeap net oan de grutte klok hongen. Nei de stoarmrin op de foarstelling Marijke Muoi moatte je as net-automatisearre kaartferkeaper wat foarsichtiger omspringe mei promoasje fan je evenemint. Der kinne mar in beheind tal minsken mei, foardat je it witte, is it fol, en binne bygelyks famylje, freonen en kollega’s te let. Wy rinne it stik mar fjouwer kear, en we kinne net mei sechstich man tagelyk troch de Slotmakkersstrjitte. Dêrom in stille ferkeap.

In berjocht dat wol de wrâld yn mei, is dat we noch manlike toanielspilers sykje. Entûsjaste, selsfersekerde, erudite, ûnbeskamme manlju fan middelbere leeftyd kinne harren melde troch in mailtsje te stjoeren nei wuttelhaven@gmail.com. Dan plenne we in ôfspraak foar audysje. Meidwaan is foar eigen risiko, lykas meirinne. De organisaasje is net ferantwurdlik foar letselskea, reputaasjeskea of psychyske skea foar, tidens en/of nei de kuier. No sa. Jim ha noch in gedicht tegoed. It folsleine boerefers dat ik skreaun ha foar Obe, de dichter dy’t de natuer op wearde skatte foardat it hot wie.

20180309_152455

Devolúsje

Raaigers is ek grien
dat is wat de pestkop sei
set de moter stil en swij
sa hie er it ferset ôfdien

nimmen wist wêr’t it oan lei
raaigers is ek grien
biljertlekken fan skjinne skien
yn dat lân rinne gjin kij

set de moter stil en swij
foar neonicsgriene grêfstien
jonge skriezen by boskjes fan tsien
raaigers is ek grien

fan ynsekten hâldt gjinien
allinnich fan de bij
set de moter stil en swij
de echo fan ferkeard ferstien

gûnzet yn dyn earen nei
raaigers is ek grien
set de moter stil en swij.

Relaasjemateriaal

Ik bin der wer. De gryp efkes flink fuortiten. In omke fan my sei (yntiid 20 jier lyn) datst ekstra goed ite moatst ast siik bist. Moatst dyn lichem de enerzjy jaan om wer mei op krachten te kommen. Ek al hast gjin sin oan iten, moatst dy sêd ite sadatst de sykte derút ytst. Dat ha ik ûntholden, en njoggen fan de tsien kear wurket it. No sa.

Juster ha ik nei Snits west foar de Poëzierevue. Der wienen fan twa middelbere skoallen learlingen dy’t sels in gedicht skreaun hienen ynspirearre op nominearre bondels foar de VSB priis. Charlotte van den Broeck, ien fan de nominearren, wie sjueryfoarsitter. Sy is bysûnder op it poadium. Ik seach har foar it earst by Dichter op de Deel yn Exmorra. Har foardrachtstyl sit fol stiltes en se lit hiel faak de persoansfoarm út in sin, wat sels yn in seal fol puberjende swipers in spannend effekt hat. Dat sil ik dalik ek besykje.

Wy hienen it yn it neipetear oer ien fan har gedichten, dêr’t se de befalling fan har mem beskriuwt sa’t se tinkt dat it gongen is. Datst in poppe fan dyn eigen bouillon trekst en dat der neitiid in gat. Soksawat. Wy ha wat dat oangiet wat mienskipliks: eangst foar in befalling. Faaks troch alle horrorferhalen, mar dat gedicht beskreau ek hiel treflik (tink ik) de leechte dy’t achterbliuwt as. No ja. Ik fertel letter mooglik noch wolris hoe’t ik op de wrâld kaam. As de slachter net kaam wie, dan hie ik noch yn de bouillon sitten. Har advys wie om te begjinnen mei swangerskipsgedichten foardatst bern krijst. Oars keppelet it publyk it oan de werklikheid. Minsken binne gek op autobiografysk.

Se skriuwt ek in soad oer ‘do en ik en alles wat dêrtusken’. Mei dat tema kinst wol in hiel oeuvre folje. Dat dogge ek in soad dichters. Ik ha der wat muoite mei, ha noait sa goed west yn it útdrukken fan relaasjemateriaal yn wurden. Faaks ha ik dêrom ek wat muoite mei ûnder wurden te bringen wat Herbarium mei my docht, de lêste dichtbondel dy’t ik foarlopich besprekke sil. As de sykte fuortbliuwt en it waar oanhâldt, dan sil ik fan ‘t wykein besykje om rjocht te dwaan oan de romantyk yn dy bondel.

No kin ik wol sizze dat ik net in romantikus bin, mar ik ha suverkrekt noch spesjaal nei de winkel west foar in kaartsje. Dêr ha ik in trijetalige haiku op makke, Jouke syn favorite fersfoarm. Hjoed ha we inoar net sjoen. Ik wie om 7 oere al nei it wurk en Jouke moat oant let. As er dalik thúskomt en ik al op bêd lis, dan hat er dochs noch wat relaasjemateriaal.

20180214_175841.jpg

Thúskomme

en it is as wachtsje
de roazen op wetter
dat ik pars út myn longen
wei en datsto tochtest
dat ik woe
en ik woe datsto
tocht ik dat juster noch
de faas healfol
en de kontener leech
en wy foar ien kear
gjin wask
inkeld it draaien
en de reade ljochtsjes
fan klear