De Wuttelhaven del

De literêre stêdskuier De Wuttelhaven del is in projekt binnen Lân fan Taal dat yn it neijier fan 2018 plakfine sil. De kuier is fundearre op de oarlochsroman fan Gysbert Japixcpriiswinner Steven H.P. de Jong. It ferhaal yn it boek tsjinnet as reade tried foar gedichten en lytse toanielstikjes op de rûte yn de talen Frysk, Ljouwertersk, Nederlânsk en Dútsk. De kuier rint troch moaie stikjes Ljouwert, mar lit tagelyk in tsjustere kant sjen. Op de rûte sille spilers de tema’s ferwurkje en sa it ferhaal fertelle.

It ferhaal

Eeltsje de Vries is de tragyske held fan it ferhaal. Hy is dichter en learaar Nederlânsk en troud mei Bauk. As hy yn syn klasse antisemitisme bemerkt, wit er net hoe’t er derop reagearje moat. Hy is de ôfwachtsjende kant it neist, mar hat boppedat in ferline dat him dwers sit. Eeltsje is de soan fan Douwe Haaies de Vries dy’t yn de oarloch haadredakteur wie fan de Ljouwerter Krante. Hy hie in leave mem: Jildou van Haelen. De hiele famylje wie fout yn de oarloch, útsein Opa en Oma van Haelen. Eeltsje syn soan rekket befreone mei joadske bern en sa moetsje se de âlden. Se binne tige ûnder de yndruk fan benammen David Kingma, in erudite man fan de wrâld dêr’t se goed mei befreone reitsje. Eeltsje is bang dat Deef derachter komt wa’t syn heit wie. Deef lit Eeltsje in folslein oare fyzje op de oarloch sjen. Goed en fout binne relative begrippen, dat jildt foar alle poppen yn dit teater.

De rûte

De rûte begjint Achter de Hoven (adres Achter de Hoven 223) dêr’t famylje Van Haelen wenne dy’t alle sneinen de rûte nei tsjerke rûn. De rûte rint nei de Grutte Tsjerke dy’t in kaairol spilet yn it ferhaal. De kuier einiget yn it ‘kastiel’ mei in spektakulêr einstik.

Spyldata:

7 septimber 2018, start 19:00
15 septimber 2018, start 19:00
21 septimber 2018, start 19:00
22 septimber 2018, start 19:00

Kaartsjes bestelle.

Praktyske ynformaasje

De kuier einiget op in oar plak as dat er begjint. Start en ein lizze twa kilometer útinoar. Parkeare is Achter de Hoven oan de dyk fergees, mar der is net altyd plak. Hâld rekken mei in kuiertiid fan in healoere as jo by de ein yn De Oldehove parkeare, sadat jo op tiid by de start ferskine. Sjoch foar mear parkearideeën efkes op dizze kaart.

Meirinne is op eigen risiko. De rûte rint foar in grut diel oer it trotwaar, mar jo wurde achte om sels út te sjen, benammen by it oerstekken fan (spoar)wegen. De organisaasje is net ferantwurdlik as jo mei in fytser of oare weibrûker yn botsing komme.

Itenswaar dat jo ûnderweis oanbean wurde kin, is glutenfrij, komolkefrij en fegetarysk. Mochten jo noch oare dieetwinsken hawwe, jou it dan efkes troch.

Start: Snackbar de Hoven, Achter de Hoven 223

Start

Dit projekt wurdt mei mooglik makke troch:
Fryske Akademy
Historisch Centrum Leeuwarden
Provinsje Fryslân
Snackbar de Hoven

lft-logo-zwart

 

Advertisements