Sop en sitrus

Oer juster ha we it mar net mear. Okee, hiel koart dan. Wy ha ús nije stuollen binnen, dêr’t ik hiel wiis mei bin. Nei’t we de earste ferpakking losmakken, kamen we der achter dat we dûbel besteld ha en dus fjouwer stuollen tefolle ha. Blykber betsjutte ‘tweedelig’ dat se yn pakketjes fan twa sitte. Ik hie tocht dat de stoel yn twa dielen besoarge wurdt foar lytser ferfier en datst him thús yn inoar sette moatst. Dêr wie de priis ek neffens, mar dat foel dus dûbel ta. De helte sil no retoer.

Wat ik juster net dwaan koe, ha ik hjoed ynhelle. Nei in sinasappel en in blik pikesop wie ik alwer heal better. Altyd as ik siik bin, ha ik ferlet fan pikesop. It docht bliken dat myn lichem dat goed oanfielt, want doe’t Jouke opsocht wat je ite moatte as je siik binne, kaam er it tsjin op ien as oare site. It ferbetteret de fertearing, ferheget de wjerstân en fertinnet it taai slym. Tenei mar wat mear tomatesop en knyflôk, dan wurd ik net wer siik.

Ien resinsje is klear, de kop is derôf. No de oaren noch. Jouke hat my wer noflik foarlêzen út Jip en Janneke. Stikem fyn ik dat foarlêzen wurde noch like moai as doe’t ik lyts wie. Wy ha fuort mar trije ferhaaltsjes dien. Grutte minsken meie wat mear no.

It wie moai waar om yn de tún. Wat fitamine D is ek net ferkeard foar it herstelproses. Ik ha wat oan it feien en oan it snoeien west. De kâldste dagen sille we wol hân ha, alteast ik weagje it derop dat it net mear bot friest. Oars moat ik om in nije hortinsje út. Siedzje doch ik noch mar net, dat soe wat al te optimistysk wêze.

2015-05-10 14.06.50.jpg

Is der daslôk yn de iere maitiid
en knyflôk yn maaie
dan kinst der sûnder striid
it hiele jier troch skaaie

Nim ris in sitrusfrucht
en wat lekkers by de fiskboer
dan hast yn de winterlucht
wat mear wjerstân oer

Wurdst dan noch siik
dan is dêr wat op
jou dy del op it tiik
en nim wat pikesop

Jout de sykte yn snipers
him dan noch net wûn
sied dan mei pipers
dan bist sa wer sûn

Leave a comment