Wurkje yn de simmer

It is fakânsje. Ik hie my foarnommen om de hiele moanne augustus frij te nimmen. Dat slagget oant no ta net sa goed, mar it wurk is soms krekt in dream. Dan draai ik my graach noch efkes om. No sneon bin ik om kertier oer twaen te finen op it Aldehouster tsjerkhôf mei Vincent Vozetic foar in muzikale foardracht fan Swalker, myn Bosk-gedicht. Tagong is fergees, dus as jim lykas ik foar de simmer yn Fryslân binne, oant dan!

It is net sa dat ik allinnich mar wurkje hear. We ha ek nei Legolân west! Ik bin al sûnt myn sânde in grut legobouwer, dus dat wie in feest. Werom thús bin ik dochs wer oan it wurk gien mei myn NHL-projekten. Dat is om’t ik de earste wike fan it skoaljier noch op Sardinië sit. Dan mis ik de yntroduksjedagen fan skoallen, en de kennisdielsesjes. It materiaal moat klearlizze en helder wêze foar in kollega om it út te lizzen.

Ik wol twa fan de seis lesserigen oanbiede kinne foar septimber.
It wurdt moai, al sis ik it sels. Binne jim benijd nei wat ik makke ha? Ik set de earste hjirûnder del. Hânlieding en evaluaasjeformulier komme yn septimber op de nije offisjele webside. Ik bin wol grutsk op it produkt, mar it kin altyd better. Feedback is wolkom, dat kin hjirûnder ast nei de earste yndruk al punten hast.

Sa, no mar wer efkes foar fulkaannijs. Of dochs de tún yn.. wat in wrâld!

1 thoughts on “Wurkje yn de simmer

Leave a comment