Yn kontekst bestean of djipper woartelje?

Juster rûgele ik nei in skoalbesite binnen by it kongres Fierder mei Frysk der’t Goffe Jensma kaaisprekker wie. In moaier tafal koe my net treffe, it wie krekt as siet ik wer yn kolleezje. Goffe Jensma is faaks de iennige persoan der’t ik it tagelikertiid mei iens en mei ûniens wêze kin. Hy hat de seal oan it tinken set oer Frysk ûnderwiis yn in meartalige kontekst en hoe’t je ynspylje moatte soenen (hieltyd mei in fraachteken) op redenen foar minsken om it leare te wollen.


Unferskilligens is ús grutste fijân, sei er tsien jier ferlyn alris, en dat ha ik altyd as in gefaarlike wierheid yn de achterholle holden. (Myn gedicht foar de Rede fan Fryslân gie dêr oer, mar dat is ôfkard. Ik skriuw no wat oars.) Dat kaam juster ek werom. It útbliuwen fan in beneaming fan in nije heechlearaar kaam mar hiel efkes foarby, mar hat dêr fansels mei te krijen. Wy moatte hieltyd skerp bliuwe op ús ferwurvenheden en op tiid ynvestearje yn kontinuïteit. Ik kin my ús lobby noch goed heuge.

It boadskip fan de lêzing wie min ofte mear: wy moatte net allinnich sjen nei de kontekst fan it foardiel fan meartaligens, mar ek nei de wearde fan it Frysk sels foar minsken. Tagelyk seit er it Frysk net út de emoasje wei, mar profesjoneel te besjen en like serieus te nimmen as Nederlânsk en Ingelsk. Allegear moai en aardich, tink ik, mar hoe krije je beliedsmakkers foar it ferstân dat Frysk ûnderwiis mear is as it temjitte kommen oan in persoanlik ferlet?

Datst Frysk brûkst en leare wolst omdat it goed fielt, om’tst by in groep hearre wolst, is in pathos-argumint. It is in falide punt, mar net genôch om skoaldirekteuren te oertsjûgjen fan it belang om it op skoallen oan te bieden. Likemin as it ethos-argumint dat Frysk ûnderwiis in bernerjocht is en dat skoallen de morele ferplichting hawwe om bern har memmetaal goed oan te learen. Wy ha de logos, de bredere kontekst, de wittenskiplike ûnderskriuwing nedich om de gefoelsmjittige en rjochtmjittige arguminten oan te foljen. Gelokkich is dêr al wat ûndersyk nei dien en binne der hurde bewizen foar wat we oanfiele. Der binne kognitive foardielen ast it lêzen en skriuwen oefenest yn ferskillende talen. It lêzen en skriuwen leare yn it Frysk dogge je dus net (allinnich) mei de bedoeling om de taal tagonkliker te meitsjen sadatst yn it Frysk app’e kinst, mar om basisfeardichheden en kennis lykas wurdskat en grammatika foar it selsstannich funksjonearjen effektyf te ferbetterjen. It leit foar de hân om dat (ek) yn it Frysk te dwaan om’t de measte dosinten dat better prate as Frânsk, Poalsk, of in Arabyske taal.

Dêr sit in kearkant oan, merkt Goffe Jensma terjochte op. De meartalige ynstek kin der ek foar soargje dat it Frysk tusken al dy talen fergetten wurdt. It Fryske oerke wurdt it meartalige oerke. Fansels moat oandacht foar meartaligens net op kosten fan Fryske lês- en skriuwtiid barre, mar we witte allegear wol hoe’t dat yn de praktyk giet. Mei de universitêre stúdzje gie it krekt sa: hoefolle studinten kieze foar it Fryske spoar?

Ik hie wol gedachten nei sa’n lange dei fol yndrukken. Moarns hie ik oan de ein fan de les yn in groep 5 de bern holpen mei in opsetsje foar in meartalich sinteklaasgedicht. Hartstikke leuk! Koest wol merke dat se net in soad (kreatyf) skreaunen en it Frysk wie as skriuwtaal ek nij, mar se woenen my eltse nije sin entûsjast sjenlitte. Bern ha neffens my ferlet fan mear gelegenheid om de pinne te pakken. Ik tink oprjocht datst mei mear skriuwoeren, noch efkes los fan hokker taal, hiel gau in soad positive feroaringen sjochst. Mei skriuwen oefenest ommers tagelyk lêze, formuleare, redeneare en grammatika. Ast yn twatallen skriuwst, oefenest ek noch dialooch, gearwurking, dochst wurdskat fan inoar op en wurkest oan sosjale feardigens. Ast bern dan ek noch de mooglikheid en stipe joust om dat yn it Frysk te besykjen, moatst dan ris sjen wat foar klasse ast krijst!

Dat bringt my werom by myn lesserige Skriuwe yn styl dy’t noch net klear is.. Ik snap leararen wat dat oangiet hiel goed: der is altyd mear wurk as (skriuw)tiid. Dochs ha ik efkes de pinne pakt. Fielt goed! Hjoed stiet myn nijste gedicht ek yn de krante, oer oar gedonder.

Leave a comment