Ofskied

Noch in pear oeren, dan sit it derop. Myn praatsje leit foar my. Ik bin der klear foar! It gat dat dalik komt, sil ik omearmje. Sa tink ik der no alteast oer. Tiid om al dy boeken te lêzen dy’t ik mei de lekkerij troch de hannen hân ha. Nije skriuwprojekten lizze al te wachtsjen, mar ik wol my fuort net wer te drok meitsje. Earst mar efkes in wike lummelje. Foar it Skriuwerskafee ha ik grif de pinne wol wer pakt. It is in moaie stok efter de doar om wer wat te skriuwen.

Ik ha de gedichten nochris neiteld dy’t ik skreaun ha, en de missende ferzen oan de foarige blog tafoege. Sa is it in kompleet oersjoch. De blogrymkes rekkenje ik dan net. Alles efter inoar is it dochs wol in soad om yn ien kear te lêzen. Dat ried ik net oan. Guon dingen binne ek puer gelegenheidsferzen dy’t leuk binne foar de minsken dy’t der op dat stuit by wienen, mar der sit hooplik wol wat by dat bliuwende wearde hat. Ast in favoryt hast, soe ik it leuk fine ast dat yn in reaksje witte litst!

Yn alle gefallen oant fan’e middei! Om 16:00 oere yn de kas by de Aldehou.

Leave a comment