Fan eigen boaiem

It hâldt my dwaande, dy hege konsintraasjes PFAS yn aaien. Yn earste ynstânsje wie ik skeptysk en tocht ik dat it in lobby wie fan de yndustry: Test de piken yn fersmoarge gebieten yn wintertiid, wannear’t de boaiemwearden it meast ûngeunstich binne. Dan wurde de aaien fan binnenhinnen ek wer ferkocht.

Fansels ha ik der in eigen belang by om sa te tinken. Ik wol de aaien fan ús hinnen leaver net fuortsmite. Dêrom soe ik hiel graach ús eigen grûn teste wolle. As dy wier sa smoarch is, dan hat dat ek konsekwinsjes foar myn pluktún en it ytbere bosk dat we oan it oanlizzen binne. Dan krije de labels ‘fan eigen boaiem’ en ‘lokaal produsearre’ ynienen in negative konnotaasje. Want dat de boaiem yn Nederlân smoarch is, is dúdlik, mar hoe smoarch, dat ferskilt per kaartsje. Ast kaartsjes online fergelikest, krijst hiele ferskillende bylden. Ik doar dêrom net te sizzen oft ûndersteand plaatsje doocht of net.

Nei oanlieding fan it berjocht dat de aaien net goed wienen, hie ik in hiel soad fragen. Ik ha besocht om antwurden te finen en nim jim efkes mei yn it proses fan antwurden dy’t wer fragen oproppe.

Wêr sit PFAS yn?

Ik tocht ynearsten dat it yn pannen siet mei antifet- en anti-oanbaklagen. It is bedoeld om produkten wetter- en fetôfstjittend te meitsjen. Nuver eins, want wetter stjit fet ôf en oarsom, mar dit docht beide. Us heit sei dat it ek brûkt wurdt yn brânblussers en hie der noch in moaie persoanlike anekdoate by. Kenlik is der in soad PFAS brûkt by de fleanbasis yn Ljouwert, en hat dat soarge foar de fersmoarging fan it wetter dêr. Om koart te kriemen wurdt it dus brûkt foar produkten en oplossingen der’t we prima sûnder kinne.

Hoe komt PFAS oeral?

It sit gewoan yn it wetter, sawol yn de rein as út de kraan, dus stadichoan komt it oeral telâne. Sa slacht it oeral del en krije we it hoe dan ek binnen. Der is noch net in goede manier ûntdutsen om de stoffen derút te filterjen of massaal ôf te brekken. De stofferbiningen binne persistint, dus fergean net natuerlik.

As PFAS yn it aai ophopet, sit it dan net mear yn de pyk?

Is it aai in manier foar de pyk om de gifstoffen kwyt te reitsjen? Dat soe logysk klinke. Planten dogge dat wol sa om fan harren gifstoffen ôf te kommen. Wiki seit dêroer: ‘Bij planten kunnen deze stoffen worden opgeslagen in vacuolen van cellen. Door afsterven van de organen (bijvoorbeeld bladeren) waar deze opslag plaatsvindt raakt de plant deze stoffen weer kwijt.’ It soe kinne dat it sa wurket, mar ik ha der gjin bewiis fan fine kind.

Sit der mear PFAS yn it aai as yn de pyk?

Mei bioakkumulaasje is sprake fan in piramide. Gifstoffen, swiere metalen en gemyske stoffen dy’t net maklik fertarje, hoopje op yn organismen. By eltse trede yn de foedselketen konsintrearje de ôffalstoffen mear. Foarbyld: As in neef fersmoarge wetter drinkt, hopet de smoargens op yn it lichem. De gifstoffen komme nammentlik flugger binnen as dat se der wer út kinne. As de ljip de neef yt, hoopje de ophope stoffen fan de neef wer op yn de ljip. As de ljip aaien leit, hat it aai nei alle gedachten deselde konsintraasje stoffen as de ljip, logysk redenearre, mar it kin ek wêze dat it aai brûkt wurdt om stoffen mei ôf te fieren. Dan is dy konsintraasje heger. (Hoe wurket dat ek alwer mei foetussen? Wa wol dat kninehoal yn springe foar my?) As in mins it aai opyt, hoopje dy stoffen wer op yn it minskelichem. Hypotetysk: As in wolf in mins yt, dan is it grif net bêst foar dy wolf.

By fisk wurket it ek sa. Yn fisk sit wol in tsienfâldige (ôfhinklik fan de soart en leeftyd) konsintraasje oan gifstoffen as yn de oseaan. Jierren lyn lies ik dêr ris in nuver artikel oer. De foardielen fan fisk-ite soenen sa grut wêze dat se opwaagje tsjin de gifstoffen dy’tst binnenkrijst. Foar aaien en fleis sille de sûnensfoardielen grif net sa spektakulêr wêze as foar fisk. Myn foarriedige konklúzje is dat feganisten minder hege konsintraasjes PFAS en oare rotsoai yn harren liif hawwe as fleisiters. Dat wie lykwols gjin antwurd op de fraach, mar it ropt wol wer in nije fraach op.

As it yn de pyk sit, sit it dan ek yn de ko, en dus ek yn de molke?

Ja, ôfgeand op de ferûnderstelling dat boppesteand proses foar alle organismen jildt. As PFAS yn it wetter of yn it gers sit, komt it yn ferhege konsintraasje yn de ko.

Hoe kin ik persistinte gifstoffen út it lichem krije?

Efkes praktysk, ik wol in bytsje sûn bliuwe. Myn bloedwearden wienen fantastysk begjin maart, mar ik bin net prikt op PFAS-konsintraasje of oare gemyske stoffen of metalen. Ferline jier hie ik in tinktuer makke en brûkt fan robertskrûd. Robertskrûd kin soargje dat dyn lichem ophope swiere metalen ôffiert. Om’t ik mei myn gemokueren yn it ferline in soad swiere metalen yn de bloedbaan krigen ha, like my dat in goed idee. It groeit hjir ek hast de hûs yn, it is fierwei myn meast promininte kjit. Der binne meardere krûden dy’t ek ôfdriuwende kwaliteiten hawwe foar ferskate stoffen. Dêr sil ik my ris yn ferdjipje, myn boek jout dêr altyd goede hânfetten.

Hoe giftich is PFAS?

De gefolgen foar de sûnens binne noch net útiten. Sok ûndersyk freget minstens fiif jier foar’t de earste resultaten publisearre wurde, los fan it ûndersyk sels. De gefolgen op lange termyn binne foar de folgjende generaasje pas dúdlik. Faaks falt it ta en krijst der gjin ALS of parkinson fan lykas fan pestisiden. Of wurdst der gek fan lykas by lead. Of krijst senuwproblemen en nierfalen lykas mei kwik. Der binne no al boarnen dy’t melde oer oantaasting fan it ymmuunsysteem en kanker by guon fan dy stoffen, mar dat is noch hiel algemien. It liket yn alle gefallen net sa ytber.

Wêr kin ik in aaitest helje?

It is blykber mooglik om dyn eigen aaien teste te litten. Ik niigje dernei om dat te dwaan, mar it is wol in djoer grapke foar €269,50. Eins wol ik de test ek sels dwaan, net in kweek opstjoere en dan it resultaat tamaild krije. Sa’n fertrouwen ha ik no ek wer net yn it bedriuw dat it fassilitearret. It soe logysk wêze as de oerheid dêr wat yn betsjutte koe. Sy hawwe úteinlik talitten dat dy boel makke wurdt.

Sa, ik ha myn tiid wer brûkt. Oft it nuttich wie.. faaks hie ik better in gedicht skriuwe kind.

Leave a comment